Start ] Omhoog ] Feedback ] Inhoud ] Zoeken ]

 


Wim Postma "Markante"ondernemer.

Kijk hier voor eervolle vermeldingen. 


Met zorg wordt uw gerecht bereid.

It geheim fan restauranthâlder Wim Postma

Wis Fryslâns meast markante hoareka-ûndernimmer 
fan 2008/2009.im Postma fan restaurant ’t Stasjons 
Kofjehús yn Molkwar De ferkiezing is in sektorbrede 
priis en wurdt organisearre yan gearwurking mei it 
fakblêd Horeca Entree. Fan ’t hjerst sil út de tolve 
provinsjewinners de meast markante hoareka-
ûndernimmer fan Nederlân keazen wurde. Postma 
syn geheim? 



‘It kontakt dat ik mei de gasten ha.’

Dat Wim Postma (47) in markante man is, kin de 
gasten fan restaurant ’t Stasjons Kofjehús min 
ûntgean. Sadree’t se it hiem opkomme fan it 
restaurant - dat lyk neist stasjon Koudum/Molkwar 
leit - wurde se meinommen yn de wolk fan 
entûsjasme dy’t Postma opropt. Entûsjasme dat ek 
steefêst trochskimeret as Postma oan de túntafel 
op it eigen terras oer syn wurk fertelt. Sûnt juny 
2000 is Postma eigener en sjef-kok fan ’t Stasjons 
Kofjehús, dat hy en syn frou Sippie doedestiids
sels bouwe litten ha. Postma: ‘Ik woe perfoarst 
hjir bouwe, want dit is no ienris in daalders plakje. 
Wy sitte midden yn it griene Fryske wetterlânskip, 
ticht by De Fluezen en Molkwar. De guozzen komme 
alle dagen oer, om’t wy persys yn har fleanrûte sitte. 
Moaier is der dochs net? Ik bin hjir op myn plak en 
dat bring ik oer op de gasten. Ik besykje in bining I 
mei har te krijen, troch in praatsje te meitsjen en 
goed te lústerjen. En fansels safolle mooglik oan 
har winsken te foldwaan. At se no in simpele snytsel 
ha wolle of bakte moksels op syn Portugeesk, my 
makket it neat út, at se mar genietsje. Dat is tink 
ik de kearn fan myn wurkwize.'



Fleksibel

No - sa’n njoggen jier letter - hat dy wurkwize dus 
de priis fan meast markante hoareka-ûndernimmer 
fan Fryslân oplevere.In ûnderskieding dy’t de sjef-
kok nei eigen sizzen te tankjen hat oan syn unstelling. 
Hy komt út in ‘Boergondysk’ gesin dêr’t se net fan 
– sa’t Postma it sels neamt – geskyt hâlden. 
Gewoan wat noflik wêze en jin fleksibel opstelle, 
dat wie it motto sa’n bytsje. In ynstelling dy’t Postma 
meinommen hat. Sa wegeret er om altyd mar rekken 
te hâlden mei de finansjele kant fan syn ûndernimming.
‘Ik doch dingen op it gefoel. As ik wit dat minsken hjir 
komme nei’t se in middei te fytsen west ha, dan sykje 
ik foar har krekt in wat grutter stik fleis út. Wolle se 
ekstra grienten of in oar sauske? Gjin probleem. Dy set 
ik net op de rekken. Lêsten ha ’k in gesin mei toarstige 
bern in kanne mei limonade ferkocht. At se hieltyd fris-
drinken bestelle moatte, binne se in fermogen kwyt. 
Ik fyn dat jo fleksibel wêze moatte yn sokke dingen. 
Op dat stuit kostet it jo jild, mar op langere termyn 
leveret it wat op, want dy minsken komme wer. Dy kassa 
komt fansels wol, at jo mar in goed kontakt opbouwe
mei de gasten.’ 





Lyts ympearium
Sûnt twa jier kinne gasten yn Molkwar ek in itensieders-
workshop krije. Postma liet dêr spesjaal in ‘Kookcafé’ 
foar bouwe. In foarsjenning dêr’t er nei eigen sizzen op 
in stuit net mear om hinne koe. ‘De gasten kamen 
gauris by my yn ’e keuken te sjen. Dat wie fansels wat 
de hygiëneregels oangiet net sa handich. Dêrom ha wy 
it Kookcafé betocht. Groepen kinne dêr mei my itensiede 
en tagelyk in drankje drinke.’ Fierder hat it Kofjehús 
noch in kelderseal mei in bar en in biljert- anneks 
fergadertafel, en it Knipcafé. Dat lêste is de kapperssaak 
fan sus Marjan dy’t dêrmei de âlde tradysje fan de 
barbier yn it kafee yn eare hâldt. Nettsjinsteande dat 
lytse ‘ympearium’ hat Postma noch hieltyd plannen foar 
útwreiding. Sa binne der ideeën foar lytse apparte-
mintsjes op it stik lân achter it Kofjehús.
Postma: ‘In part fan it lân dat dêr leit, is al fan my, mar 
foar de bou fan de appartemintsjes soe ik eins noch in 
stik ha moatte. At dat slagget, sette wy de bou seker 
troch.’ Fierder hat de restauranthâlder noch it foar-
nimmen om in soarte doalhôf op te setten. Oanlieding 
dêrfan is dat Molkwar foarhinne yn ’e folksmûle ek wol 
it Fryske doalhôf neamd waard. It doarp bestie doe 
foaral út wetter, pôltsjes en brechjes.
Postma is dúdlik net bang foar de takomst. En dat wylst 
it tsjintwurdich mei alle regels net maklik wêze moat 
om hoarekaûndernimmer te wêzen. In hypoteze dêr’t 
Postma foar in part yn meigean kin. ‘Wy ha op it heden 
net it maklikste fak, mar ik bin in optimist en lit my net 
fan ’e wiis bringe troch de wet. Regeltsjes binne 
regeltsjes en dêr ha wy ús safolle mooglik oante hâlden. 
Ik ha it gelok dat ik foarhinne altyd as kok yn in 
âldereintehûs en it Snitser sikehûs wurke ha. Yn de 
ynstellingswrâld waard altyd al in soad op de regels 
hammere. Dat in protte saken binne by my al 
automatisme.’ 


Fryslân meets Itaalje

Ferskate gerjochten op de kaart fan ’t Stasjons Kofjehús 
binne ynspirearre op de Toskaanske keuken, al wurde se 
wol makke mei Fryske yngrediïnten. Tsien jier lyn gongen 
Postma en syn frou foar it earst op fakânsje nei Itaalje, 
sûnt dy tiid binne se sljocht op dat lân. De Toskaanske 
keuken – ‘in boerekeuken dêr t iten sean’ wurdt mei simpele 
middels’ – spruts Postma oan en dat is werom te sjen
op de menukaart. Gasten kinne yn Molkwar as neigesetsje 
bygelyks sûkerbôle mei olive-oalje bestelle. 

Postma syn passy foar Itaalje is net folslein tafallich, want 
sun beppe har woartels lizze yn dat Súdeuropeeske lân. 
De sjef-kok hat dus sels ek in swymke Italjaansk bloed, 
in konklúzje dy’t faaks te ferbinen is mei Postma syn echte 
geheim. Want dat markante, is dat net gewoan Italjaansk 
temperamint? 


Ferkiezing

De ferkiezing ‘Meest Markante Horecaondernemer’ is in 
sektorbrede priis en giet út fan ûndernimmersorganisaasje 
Keninklike Hoareka Nederlân en it fakblêd Horeca Entree. 
Foar de priis komme hoarekaûndernimmers yn oanmerking 
dy’t útblinke yn har fak en har op positive wize ûnderskiede 
fan kollega’s. De kandidaten foar in ‘Markant’ wurde foar-
droegen troch kollega-ûndernimmers of organisaasjes en 
bedriuwen dy’t belutsen binne by de hoarekasektor.

De meast markante hoarekabaas fan Fryslân is keazen út 
fjouwer nominearre persoanen:
- Auke Kooistra, kafee Het Graauwe Paard, Aldebiltsyl (kategory drinken); 
- Eddy de Boer, WeidumerHout, Weidum (kategory rekreaasje); 
- Harry Wester, Hotel Seeduyn, Flylân (kategory sliepen); 
- Wim Postma, restaurant ’t Stasjons Kofjehús yn Molkwar (kategory iten).


Út: No Gastfrij Fryslân/ in útjefte fan de Afûk. Auteur Marrit de Schiffart.

Kijk hier voor eervolle vermeldingen. 


Start ] Omhoog ]

foto's Joan Jaarsma